Drankrider trapearre:auto kwyt

© Omrop Fryslân
In 61-jierrige man út Ljouwert is moandeitejûn by de supermerk fan Suderbuorren oanholden omdat er mei drank op achter it stjoer sitte soe. Nei in azemtest die bliken dat dat yndie it gefal wie. De man krige in rydferbod fan 12 oeren. Syn rydbewiis koe net ynnaam wurde, omdat dat yn july 2008 al ûnjildich ferklearre wie.
Omdat de Ljouwerter al ris earder oanholden wie foar it riden ûnder ynfloed waard syn auto yn beslach naam.