Soad fragen sluting tsjerken

06 jan 2009 - 00:29

Leden fan de PKN-gemeente Ljouwert hawwe moandeitejûn massaal in ynformaasjejûn yn de Fenixtsjerke bywenne oer it sluten fan trije tsjerken. Der wiene seker 450 minsken. Yn desimber waard it foarriedige beslút bekend makke dat de Adelaartsjerke, de Koepeltsjerke en de Open Hof ticht geane.

Foardat der letter dizze moanne in definityf beslút falt, koene de minsken op dizze ynformaasjejûn noch fragen stellen en opmerkings pleatse.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)