1,5 miljard foar bou Ljouwert

05 jan 2009 - 23:22

Der wurdt de kommende jierren oardel miljard euro yn Ljouwert ynvestearre. It jild giet nei bouprojekten lykas it Saailân en it provinsjehûs en der wurde tunnels, diken en akwadukten fan boud.

Sa wurdt dit jier ek út ein set mei de Heak om Ljouwert, sei boargemaster Crone op de nijjiersresepsje. Ek makke de boargemaster bekend dat Ljouwert, Boarnsterhim en Ljouwerteradiel fierder prate oer gearwurking en weryndieling.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)