Bilker hat krityk op provinsje

05 jan 2009 - 21:00

Boargemaster Bearn Bilker fan Kollumerlân hat grutte krityk op it provinsjebestjoer. De provinsje is te drok dwaande mei it ûntwikkeljen fan de wurkgelegenheid yn de ekonomyske kearnsônes. Dêrby wurdt it plattelân oer de holle sjoen, dat te krijen hat mei minder minsken en in weromrinnende huzebou.

De provinsje soe mear omtinken oan dat plattelân jaan moatte, sa liet Bilker justerjûn yn syn nijjierstaspraak witte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)