Min jier foar De Friesland

De Friesland ferwachtet in miljoeneferlies.
Soarchfersekerder De_Friesland ferwachtet oer 2008 op in ferlies fan 15 oant 20 miljoen euro út te kommen. Dat komt foaral troch net genôch ynkomsten út belizzingen as gefolch fan de kredytkrisis. Yn it fersekeringswurk sels is foarich jier wol 4 miljoen euro fertsjinne.
Yn 2007 wie de situaasje noch oarsom. Yn dat jier hie De_Friesland in ferlies fan 6 miljoen euro op de fersekeringen, mar soargen de belizzingen foar in posityf resultaat.