Friesland Campina no keninklik

© Omrop Fryslân
De nije suvelûndernimming Friesland_Campina mei him nei de fúzje fan Friesland_Foods en Campina, Keninklike Friesland_Campina neame. Keninginne Beatrix hat dit de ûndernimming wite litten yn in brief.
Friesland Campina seit tige grutsk te wêzen op it predikaat keninklik. Op âldjiersdei wie de juridyske fúzje tusken Friesland_Foods en Campina. Koart dêrfoar krigen de koöperaasjes lang om let grien ljocht fan ´e Europeeske kommisje foar de fúzje.