Sensoor: 16.000 telefoantsjes

05 jan 2009 - 11:04
Foto: Omrop Fryslân

Der is ferline jier goed 16.000 kear belle mei de telefoanyske helptsjinst Sensoor Fryslân. Dat binne tûzen mear petearen yn ferliking mei 2007.

It binne benammen froulju en minsken dy´t har iensum fiele dy´t anonym foar in fertroulik petear belje mei Sensoor. De helporganisaasje wol it dit jier mooglik meitsje dat minsken ek mei in chatprogramma op ynternet harren ferhaal kwyt kinne.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)