Ungelok: brommerrider ferwûne

© Omrop Fryslân
Op it krúspunt fan de Drachtsterwei mei de wenwyk Suderbuorren yn Ljouwert is sneintejûn in brommerrider ferwûne rekke by in ûngelok. De autobestjoerder dy't it ûngelok feroarsake ried troch, mar hat him letter sels melden by de plysje.
Hy is yn de sel set foar neier ûndersyk. De brommerrider is foar behanneling oerbrocht nei it sikehûs.