Plysje hâldt ynbrekkers oan

05 jan 2009 - 09:51

Op de Grienewei yn Ljouwert binne sneintenacht twa ynbrekkers oanhâlden. De plysje hie de twa manlju al yn ´e gaten doe´t se mei kapúsjons oer de holle de Vijzelstrjitte ynrûnen. Dêr besochten de ynbrekkers in rút te fernielen, mar dat mislearre.

De manlju binne meinommen nei it plysjeburo foar ûndersyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)