Nijjiersaksjes Nijefurd

04 jan 2009 - 15:52

De aksjegroep ´Fan Underop´ fan Nijefurd helle in tal stunts út op Nijjiersdei. De groep, mei likernôch sechtich leden, protestearre tsjin it beslút fan de gemeente om ta in grutte fúzje mei Snits te kommen.

Foar it stedhûs yn Warkum pleatsten de leden op Nijjiersdei in grutte plastik swartbûnte ko, mei in boerd dêr´t op stie dat Nijefurd gjin melkko wêze wol fan Snits en dat de minsken kieze wolle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)