Simon Kuipers twad op 500 m.

© Omrop Fryslân
Jan Smeekens wûn snein de twadde 500 meter op it Nederlânsk kampioenskip sprint op it iis fan Kardinge yn Grins. Simon_Kuipers en Mark_Tuitert dy´t beide op It Hearrenfean wenje, waarden twadde en tredde.
Yn it algemien klassemint hat Stefan Groothuis noch de lieding. Kuipers, Tuitert en Nijenhuis (fan It Hearrenfean) nimme it fjirde, fyfde en sechde plak yn. Sjoerd de Vries út Twellingea stiet op acht.