Jonge fertocht fan ynbraak

© Omrop Fryslân
In 16-jierrige jonge is yn de nacht nei snein oanholden op de P.K._Pelstrjitte yn Drachten. De plysje naam him oer fan in tsjûge dy´t de jonge op ´e die trapearre hie. De man seach de jonge oer de dakken fan hokken achter syn hûs rinnen.
Doe´t de jonge yn ´e achtertún fan de man sprong, hold er him oan en belle de plysje. De plysje hat him oerbrocht nei it buro op fertinking fan besykjen ta ynbraak. De mem fan de fertochte is op de hichte brocht. De jonge sit fêst.