Ynbraak Ljouwert en Westereen

© Omrop Fryslân
De plysje hat in ûndersyk ynsteld nei de ynbraak yn in wenning oan de Jan Lievenstrjitte yn Ljouwert. De ynbraak barde sneon tusken 15.00 en 21.30 oere. It is net dúdlik hoe´t de dieders deryn kaam binne, mar der waarden in mobile telefoan en kontant jild stellen.
Ek oan de Noarder_Stasjonsstrjitte op De_Westereen waard ynbrutsen. Dat wie freed tusken 17.00 en 11.45 oere. Ut in skuorre dy´t ferboud wurdt, is elektrysk ark meinaam.