Net folle animo foar Bach

© Omrop Fryslân
Mar fjouwer jongeren ha har opjûn by de oratoariumferiening Boalsert foar it meisjongen fan de Matthäus Passion. De feriening sjongt alle jierren yn april it stik fan Johann_Sebastian_Bach en wol dêr mear jongeren by belûke. Om dy oan te sprekken waarden ferskate skoallen en bernekoaren oanskreaun.
De oratoariumferiening hie hope op mear oanmeldings. It koar hat tachtich leden, mar troch de fergrizing nimt it tal leden alle jierren ôf.