Flyers ûnderút tsjin Nijmegen
De iishockeyers fan de Hajé_Flyers ha foar de fjirde kear dit seizoen ferlern fan Nijmegen. Yn it eigen Thialfstadion wiene de Nijmegenaren nei penalty-shots te sterk foar de Flyers.
Nei trije perioades stie der in 2-2 tuskenstân op it skoareboerd. TJ Kelly makke beide Flyersgoals. Om´t der yn de overtime net skoard waard, moasten penalty-shots de beslissing bringe. Dêryn misten Michael_Nason en Erik Landman foar de Flyers.