Friezen rap yn De Wylp
De nijjiersrin yn it Grinzer De Wylp is oer 10 kilometer wûn troch Riekele_Kobus fan Nij Beets. Hy wûn yn in tiid fan 35.05. De Drachtster Alletta_Wedzinga wûn by de froulju yn in tiid fan 44.41.
By de wedstriid oer de heale maraton wûnen gjin Friezen, mar waard Cor_Tom fan Waskemar by de manlju twadde. Der stiene 215 dielnimmers oan de start.