Boer wint earste 500 meter

© Omrop Fryslân
Op it NK sprint yn Grins hat Margot Boer de 500 meter wûn. De reedrydster út Woubrugge die dit yn in tiid fan 39,60. Twad waard Natasja_Bruintjes en tred Laurine_van_Riessen.
Bêste Friezinne wie Mayon_Kuipers fan It Hearrenfean, sy waard fjirde yn 40,33. Ek op sneon is de 1000 meter sprint foar de froulju en de 500 en 1000 meter foar manlju. Thijsje_Oenema stie allinnich op it iis, troch in diskwalifikaasje fan har tsjinstanner Gerritsen. De Jouster waard sânde.