Famyljereuny fan Hoekstra

It krúske fan Minne Hoekstra
De earste Alvestêdetocht wie 100 jier lyn. Op ferskate manieren wurdt dat betocht. Famylje fan de earste winner fan de tocht, Minne_Hoekstra, hâldt in reuny. Freedtejûn kamen de famyljeleden yn Harns by elkoar. In pakesizzer kaam ferklaaid as syn pake ek op besite mei it echte krúske opspjelde.
De famylje hat sneon noch in kuiertocht makke troch Frjentsjer en nei it reedrydmuseum yn Hylpen west.