Tocht Earnewâld goed ferrûn

De famyljetoertocht by Earnewâld is sneon goed ferrûn. Sa'n 3000 minsken ha de redens ûnderbûn foar in tocht oer 7,5 of 15 km troch de Jan Durkszpolder en it natuergebiet by Earnewâld. De measte riders wiene der al betiid by. It iis hat him neffens de organisaasje goed hâlden mei safolle minsken. De helpferlieners kamen in pear kear yn aksje yn ferbân mei lytse ferwûnings fan dielnimmers.
De tocht by Earnewâld wie de earste toertocht fan dizze winter yn Fryslân.