Fryslân pakt út op beurs

03 jan 2009 - 12:29

Fryslân hat dit jier de djoerste stand te stean op de komende fakânsjebeurs yn Utert. De stand kostet goed 20.000 euro en hat as tema de Alvestêdetocht. Der komt in keunstiisbaan te lizzen mei in 'koek en zopie', in stimpelhokje en it brechje fan Bartlehiem. Mei de bekendheid fan de Alvestêdetocht hopet Fryslân Marketing op ekstra belangstelling fan toeristen.

De fakânsjebeurs duorret fan 14 oant 18 jannewaris.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)