Wim Stroetinga oan 'e lieding
Hurdfytser Wim Stroetinga fan Aldeberkeap giet mei syn Dútske maat Olaf Pollack oan 'e lieding yn 'e seisdaachse fan Rotterdam. De beide mannen wûnen de koppelkoers en hawwe nei de earste dei in foarsprong fan 19 punten op Peter Schep en syn Spaanske maat Llaneras.
Sneon is de twadde dei mei ûnder oare in koppelkoers en in ôffalrace.