3000 reedriders by Earnewâld

03 jan 2009 - 10:38

It tal reedriders dat meidocht oan de earste Fryske toertocht by Earnewâld rint op nei de trijetûzen. De organisaasje fan iisferiening Lyts Bigjin hie rekkene op in lytse tûzen dielnimmers, mar seit de ekstra minsken goed opfange te kinnen.

It startskot foar de tocht waard jûn troch âlvestêde-winner Jeen van den Berg en Jeen Wester. De tocht giet troch de Jan Durkszpolder by it natuergebiet yn Earnewâld.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)