Hurdrinne as foarm fan terapy

03 jan 2009 - 10:33

Ferslaafden, eks-ferslaafden en meiwurkers fan de ferslavingssoarch dogge sneon mei oan in hurdrintocht oer de Ofslútdyk. It is de twadde kear dat dy tocht hâlden wurdt. Doel is om it hurdrinnen as foarm fan terapy te promoatsjen.

Hurdrinne wurdt hieltiten faker brûkt as terapy. Ferslaafden wurkje oan har probleem, mar ek oan de kondysje en úthâldingsfermogen. Der wurdt oan beide kanten fan de Ofslútdyk start en de finish is by Breesândyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)