Prikslydzjen Earnewâld sukses

De prikslidewedstryd op de Ringfeart yn Earnewâld wie freedtejûn in grut sukses. Mear as hûndert taskôgers seagen 34 manlju en 12 froulju op de sliden oer it iis gean.
De prikslidekommisje hie dit spektakel yn 2002 foar it lêst organisearre. Der waard gebrûk makke fan twa orizjinele priksliden mei âlde prikkers. Der wie in baan útset fan 50 meter. De earste priis wie tsien euro.