Ferdwaalde ringelrob by Flylân

De Ringelrob (Foto: Zeehondencrèche Lenie 't Hart)
Seehûnekres Pieterburen hat tongersdei in ferdwaalde ringelrob opfongen. It bist waard yn tige minne kondysje fûn by Flylân. Gewoanwei komt de ringelrob allinnich foar yn de Noardlike IIssee. It bist bliuwt noch in pear wiken yn de opfang om oan te sterkjen.
Dêrnei wurdt de seehûn mei in SAR-helikopter oerbrocht nei de Doggersbank yn de Noardsee. Fan dêrút moat it bist syn paad nei de Noardpoal wer fine.