Nijsbrief oer komst JSF

© Omrop Fryslân
De kommisje lûdshinder komt alle moannen mei in nijsbrief oer de komst fan de JSF nei de fleanbasis Ljouwert. Freed is de earste digitale nijsbrief ferstjoerd oan leden fan de 24 doarpen en wiken om de fleanbasis hinne. Yn de brief stean allehande feiten en eftergrûnferhalen oer de JSF.
Ek wurde de leden op de hichte hâlden fan de stappen dy't de kommisje de kommende tiid nimme sil. De kommende wiken is it doel om mei safolle mooglik Twadde Keamerleden te praten.