Hans Vonk by SC Hearrenfean

Hans Vonk (argyffoto)
Doelman Hans_Vonk hat freed in kontrakt foar oardel seizoen tekene by SC Hearrenfean. De 38-jierrige Vonk stie de ôfrûne moannen ûnder kontrakt by Ajax, mar mocht yn de winterstop wer fuort. SC Hearrenfean docht no in berop op de rûtinier, om't earste doelman Kenny Steppe lang útskeakele is yn ferbân mei in rêchblessuere.
Hans Vonk stie tusken 1996 en 2004 ek al ûnder kontrakt by SC Hearrenfean. Yn dy acht jier stie hy 263 wedstriden ûnder de latte yn de kompetysje.