CDA wol parkearen oanpakke

CDA wol betelle parkearen oanpakke
It CDA wol it betelle parkearen yn de binnenstêd fan Ljouwert werombringe fan 22.00 oere nei 21.00 oere. De partij wol de finansjele konsekwinsjes besjen. In oare oplossing is om de parkeartiid yn it sintrum jûns mei in oere te ferlingen.
No kinne besikers foar twa oeren jild yn de parkearmeter smite. Neffens it CDA komt it no faak foar dat minsken bygelyks it restaurant út moatte om de parkearmeter by te foljen. It CDA fynt dat net klantfreonlik.