Tocht Earnewâld giet wol troch

it iis by Earnewâld kin in auto hâlde
Oeral yn Fryslân wurde toertochten ôfsein fanwegen teiwaar, mar de iisklub yn Earnewâld fertrout it iis noch wol. De iisklub Lyts_Begjin hâldt sneon in famyljetoertocht fan 7,5 en 15 kilometer op de Jan_Durkszpolder en it natuergebiet by Earnewâld. Foarsitter Age_Veldboom gong freed it iis op, om sjen te litten dat it iis yndie dik genôch is.
Ynskriuwe kin sneon om 9.30 oere by restaurant it_Wiid. De iisklub hâldt freedtejûn in wedstriid prikslydzjen.