Blijerders woene ferhaal helje

02 jan 2009 - 12:07

Doarpsbelang yn Blije hat lulke doarpsbewenners oertsjûgje kinnen om net nei it gemeentehûs yn Ferwert te gean. Se woene ferhaal helje foar de hurde oanpak op âldjiersnacht. Doe binne 18 minsken oanhâlden. Se soene de brânwacht hindere ha by it blussen fan in freugdefjoer yn Blije.

Alle 18 binne wer frijlitten en it is noch ûndúdlik oft der juridyske stappen nommen wurde. It doarp en doarpsbelang sette grutte fraachtekens by it oppakken fan de minsken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)