Lauwerstocht giet net troch

02 jan 2009 - 11:48

De histoaryske reedrydtocht oer de rivier De Lauwers giet net troch. Net om't it teiwaar is, mar om't Wetterskip Fryslân by Zoutkamp in slûs iepen set hat.

De iisferiening Visvliet-Pieterzijl is bot teloarsteld dat de Lauwerstocht fan tritich kilometer no net riden wurde kin. De tocht is yn 1997 foar it lêst hâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)