Ekstra faasje plannen Drachten

01 jan 2009 - 21:30

De gemeente Smellingerlân set ekstra faasje achter de plannen foar de fernijing fan it sintrum fan Drachten. Dat sei boargemaster Bert Middel tongersdei yn syn taspraak op it nijjierfeest fan de gemeente.

It Raadhuisplein en it winkelsintrum wurde de kommende jierren flink ferboud. Neffens Middel is it júst yn dizze tiid fan krisis wichtich dat de gemeente it goede foarbyld jout en de ynvestearrings yn it sintrum gau oppakt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)