Oanhâlding yllegaal fjoerwurk

© Omrop Fryslân
In 27-jierige man út Drachten is yn âldjiersnacht oanhâlden omt er yllegaal fjoerwurk by him hie. De plysje seach hoe't de man in stik fjoerwurk ploffe liet op de Súdkade fan it doarp. By dy ûntploffing rekken in grut tal lampen stikken.
By kontrôle troch de plysje die bliken dat de man 29 flinterbommen en 165 nitraat-crackers by him hie. Hy is foar neier ûndersyk nei it plysjeburo brocht.