Snitser bedriget buorlju

01 jan 2009 - 16:22

Oan de Schwartzenbergstrjitte yn Snits is yn de Aldjiersnacht in man (45) oanhâlden fanwege bedriging en brânstifting. De man hie syn buorlju bedrige, in fyts nei har smiten en it skut yn de brân stutsen.

De man wie bot agressyf en koe mei muoite troch de plysje oanhâlden wurde. De fertochte is meinaam nei it buro en is dêr fêstset. Wêrom't er him sa gedroech, is noch net dúdlik.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)