Brân fakânsjehûske Amelân

© Omrop Fryslân
In fakânsjebungalow op It Amelân hat op Aldjiersdei in soad skea oprûn troch in brân. It húske stie op in fakânsjepark oan it Klein Vaarwater yn Bueren. It fjoer ûntstie de middeis yn de sauna yn it húske. De bewenners koene der op 'e tiid útkomme.
De brânwacht wie der gau by, mar koe net foarkomme dat it húske foar in grut part ferlern gie. De bewenners binne earne oars op it park opfongen.