Snelrjocht foar relskoppers

01 jan 2009 - 13:38

Minsken dy't yn de Aldjiersnacht oppakt binne foar gewelddiedichheden of fernielerij, wurde sa gau mooglik foar de rjochter brocht. Nije wike freed is der al in spesjale snelrjochtsitting.

Oant no ta binne dik 50 minsken oanhâlden, mar de plysje ferwachtet noch mear arrestaasjes. Justysje easket tsjin minsken dy't geweld brûkt ha tsjin helpferlieners, hegere straffen as oant no ta gebrûklik wie. Dat moat ôfskrikwekkend wurkje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)