56 ferwûnen troch fjoerwurk

01 jan 2009 - 10:16

De Fryske sikehûzen ha dit jier 36 minsken behannelje moatten dy't ferwûne rekke wienen troch fjoerwurk. Dat binne der krekt wat minder as ferline jier. Yn Ljouwert en Drachten waarden de measte slachtoffers binnenbrocht: beide sikehûzen moasten dêr alve minsken behannelje.

By de dokterswacht wie it ek drok mei fjoerwurkslachtoffers. Dêr melden har mei-elkoar tweintich minsken dy't ferwûne rekke wiene.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)