Rûnom karbidsjitten yn Fryslân

Op in soad plakken yn de provinsje wurdt op Aldjiersdei tradisjoniel mei karbid sketten. Groepen jongerein soargje der rûnom foar dat it âlde jier fuortknald wurdt.
Yn Drylts wurdt net âlderwetsk mei karbid knald. Dêr giet it mei in 'kanon' dat op gas wurket. De Dryltsters ha moannen dwaande west mei de tariedings. It stribjen is om de knallen alle jierren lûder te meitsjen. Mar de feiligens wurdt net út it each ferlern.