Prikslydzje yn Earnewâld

31 des 2008 - 14:40
Foto: Omrop Fryslân

Yn Earnewâld wurdt kommende freed foar it earst sûnt seis jier wer in prikslydwedstriid hâlden. Der sil in ôffalwedstriid hâlden foar manlju en froulju.

Elk rydt twa kear tsjin deselde tsjinstanner en wa't twa kear wint giet troch nei de folgjende omloop. By in kamprit moat der noch in kear striden wurde. Sa bliuwe úteinlik de winners oer. De dielnimmers kinne harren jûns fan sân oere ôf opjaan.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)