Folders oer fermiste man

31 des 2008 - 14:27

De plysje hat woansdeitemiddei op de Ryptsjerksterpolder flyers útdield wêryn't minsken wiisd wurde op de fermiste Flip Koekkoek út Woerden. Dy gie tiisdei te riden op de polder, mar kaam jûns net wer werom.

De plysje hat de polder ôfsocht mar allinne de auto fan de man fûn. Woansdei siket in peleton fan de Mobiele Eenheid it iis fan de Ryptsjerksterpolder ôf. Fanwege de mist kin der gjin helikopter ynset wurde, dat koe tiisdeitejûn wol.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)