Wapene oerfal yn Drachten

31 des 2008 - 11:37

De plysje siket tsjûgen fan in wapene oerfal op in snackbar oan de Hage yn Drachten. Trije maskere manlju kamen yn de snackbar en bedrigen in meiwurker mei in soarte fjoerwapen. Ien fan de oerfallers helle dêrnei jild út de kassa, wêrop't de trije útnaaiden.

De plysje hat de omjouwing ôfsocht, mar neat fûn. Minsken dy't wat sjoen ha of flak foar de oerfal noch yn de snackbar west ha, wurdt frege kontakt op te nimmen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)