Wurktiidferkoarting Philips

Philips Drachten wol mooglik gebrûk meitsje fan de regeling foar wurktiidferkoarting. Dat sizze de fakbûnen FNV en CNV. Philips sels wol der neat oer sizze.
It bedriuw soe op dit stuit besjen oft it foldocht oan de regels fan minister Donner fan Sosjale Saken foar de wurktiidferkoarting. Neffens dy regels moat in bedriuw op syn minst twa moanne lang 30 prosint minder omset makke ha. Philipspersoniel sit op it stuit al thús fanwege minder wurk.