Hengelo:Foekje Dillemastadion

De aldjiers kommisje fan Muntsjesyl hat tiisdeitenacht it atletykstadion yn Hengelo omdoopt ta Foekje Dillemastadion. Se ha in spandoek mei har namme oer de echte namme, Fanny Blankers-Koenstadion, dien. De man fan dy konkurrinte fan Dillema siet achter in seksetest yn 1950, dy't oanjoech dat Dillema in man wêze soe.
Foekje Dillema krige ferline jier earherstel. Foar ynwenners fan Boerum wie dat reden de namme fan it stadion te feroarjen. Dillema kaam fan Boerum.