Schuttevaer siket skippers

© Omrop Fryslân
Skippersferiening Schuttevaer siket minsken dy't oan de slach wolle op de lytsere skippen yn de binnenfeart. It giet om skippen fan ûnder de 1500 ton. Dy driigje te ferdwinen út de Fryske wetters omt ûndernimmers der gjin takomst mear yn sjogge. Nije skippers wolle leaver in grut skip ha, omdat dêr gauwer jild mei te fertsjinjen is.
Der wurdt alle jierren 30 miljoen ton oan fracht ferfierd troch lytse skippen, mar dat driget no oer te gean nei it frachtferfier op de dyk