Van der Wart winner Haulerwyk

30 des 2008 - 18:13

Huub van der Wart fan It Hearrenfean hat tiisdeitemiddei de koartebaanriderij fan Haulerwyk wûn. Nei in spannende striid kaam er foar Ingo Bos út Berlyn oer de streek.

Der diene yn Haulerwyk 40 riders mei oan de wedstryd. De bêste fiif riders giene mei in priis nei hûs, foar winner Huub van der Wart wie dat 250 euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)