Plysje wach op fjoerwurk

30 des 2008 - 16:32

Der wurdt op it stuit strang kontrolearre op it te betiid ôfstekken fan fjoerwurk. Mei opfallende en net opfallende auto's rydt de plysje dizze dagen troch de provinsje om te sjen oft de jongeren har oan de regels hâlde.

Offisjeel mei net earder as woansdeitejûn nei tsien oere fjoerwurk ôfstutsen wurde. Mar de ferlieding foar guon is fierstente grut. De plysje hâldt dat skerp yn de gaten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)