Froast probleem Tryater

30 des 2008 - 16:26

De froast soarget foar problemen by de foarstelling oer de Alvestêdetocht fan Tryater. Dy moat op guon ûnderdielen oanpast wurde. Sa kin yn Dokkum it flot yn it wetter net mear brûkt wurde. En by it ûnderdiel dêr't in akteur yn it wetter stiet, moat no hieltiten in wek makke wurde. Tryater hie wol rekken hâlden mei de froast.

Foar de taskôgers betsjut de kjeld dat der minder húskes beskikber binne. Dat komt omdat guon toiletweinen beferzen rekke binne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)