IIsskossen moatte wer fuort

De iisskossen binne wer oprûme
Tryater moat opnij de keunststof iisskossen fuorthelje, dy't fanwege de foarstelling de Alvestêdetocht yn Snits lizze. Earder moasten se fuorthelle wurde út de Westersingel, omdat dêr in eventuele echte Alvestêdetocht lâns moat. De gemeente wie benaud foar te tin iis, ek al omdat op it plak stimpele wurde moat.
De skossen lizze no op in oar plak yn de rûte. Mar de gemeente wol se dêrwei ha, om fernielings mei Ald en Nij foar te kommen.