Stellingwerver foarlêsmaraton
Yn ferpleechhûzen en soarchynstellings yn Wolvegea wurdt op it stuit in foarlêsmaraton hâlden. Bewenners fan de ynstellingen wurdt foarlêzen yn it Stellingwerfsk.
It foarlêsprojekt is opset troch de Stellingwarver Schrieversronte. It is de twadde kear dat it dien wurdt. De foarlêsmaraton duorret twa dagen.