Mooglik blyn troch flinterbom

© Omrop Fryslân
In man út Wommels (33) is nei alle gedachten oan ien each blyn wurden, troch in flinterbom. It each fan de man waard rekke troch in stik klaai dat út it fjoerwurk skeat.
It ûngelok barde ferline wike. It fjoerwurk waard ôfstutsen troch in oare man (48). It slachtoffer woe it net, omdat er ticht by in pear hynders stie. Mar de oare man hie de bom doe al oanstutsen. Hy gie ôf op sa'n tsien meter by it slachtoffer wei. Dy man hat oanjefte dien by de plysje.